Magnet.me - Het slimme netwerk waar studenten en professionals hun stage of baan vinden.
Het slimme netwerk waar studenten en professionals hun stage of baan vinden.
Je carrière begint op Magnet.me
Maak een profiel aan en ontvang slimme aanbevelingen op basis van je gelikete vacatures.
Het gevoel van een fijne buurt. Dàt bouw jij.
Ingenieursbureau Van Wijnen Engineering Drachten siket in konstrukteur mei ûnderfining en in hbo- of wo-diploma boukunde of sivile technyk mei spesjalisaasje yn konstruksje, op syn minst twa jier wurkûnderfining as konstrukteur binne de wenning- en/of utilisaasjebou.
Yn sawol de haadkonstruksje as detailengineering spilest as konstrukteur by Van Wijnen Engineering in wichtige rol. Dyn foarnaamste taak is it berekkenjen fan ferskate boukundige ûntwerpen, lykas produksje-, konstruksje- en 3D-modellen. Dat rint fan it fûnemint oant de balkekonstruksje en fan de ôfwettering oant de wynbelesting en alles wat dêrtusken hinget.
Konstruktive feilichheid stiet foar dy foarop. Do toetst de kwaliteit, konstatearrest ôfwikings en komst mei ferbetterings.
Hjir fielsto dy thús:
Van Wijnen Engineering is ûnderdiel fan Van Wijnen Groep mei 32 festigingen troch hiel Nederlân. Van Wijnen ûntwikkelet, bout, transformearret, renovearret en beheart fêstgoed yn de domeinen wenje, soargje, leare, wurkje en rekreëarje. Wy wurkje by Engineering mei mear as 70 kollega’s fan trije festigingen yn Dordrecht, Drachten en Emmen oan ús missy: mei-inoar bouwe oan romte foar in better libben. Dat sjochst benammen werom yn wat wy dogge, mar ek yn wa’t wy binne: oprjocht, dreaun en grinsferlizzend. Dêrtroch hawwe wy dy in soad te bieden, lykas in ynspirearjende omjouwing en folop mooglikheden om dysels te ûntwikkeljen.
Van Wijnen Engineering Drachten hat mear as 40 jier ûnderfining yn de folsleine breedte fan konstruktive engineering yn alle fazen fan projekten. Mei in protte passy wurkje wy gear oan moaie en ynnovative projekten troch hiel Nederlân foar ferskate oannimmers, ûntwikkelders, arsjitekten ensfh. Foarbylden fan projekten dêr’t wy ús foar ynsette binne it Kooi Stadion fan Cambuur yn Ljouwert, útwreidings sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten, útwreiding sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean, ferskate tankstasjons, skoallen, wenningen en apparteminten yn hiel Nederlân.
Dit sikesto fierder yn in baan:
Ynteresse?
Nim kontakt op mei Hille van Tuijl, Recruiter, fia h.van.tuijl@vanwijnen.nl
Let op: voor deze vacature zijn we niet op zoek naar ZZP’ers.
Van Wijnen ontwikkelt, bouwt, transformeert, renoveert en beheert vastgoed in de domeinen wonen, zorgen, leren, werken en recreëren. Samen met onze opdrachtgevers bouwen we aan ruimte voor een beter leven. In de afgelopen decennia hebben we geleerd dat een thuisgevoel niet in de stenen of de techniek zit. Want een ruimte krijgt pas echt betekenis door erin te leven. Daarom zoeken we bij elke klantvraag de verbinding met bewoners, relaties, vakgenoten en de omgeving.
Resources:
Change language to: English
Deze pagina is geoptimaliseerd voor mensen uit Nederland. Bekijk de versie geoptimaliseerd voor mensen uit het Verenigd Koninkrijk.